Salut au Monde!

It gedicht 'Salut au Monde'


1 Dizze tige bysûndere, trijetalige útjefte fan it gedicht 'Salut au Monde' fan Walt Whitman bestiet ût de oarspronkelike Amearikaanske tekst, de Fryske oersetting fan Tsjêbbe Hettinga en de Nederlânske fan Jacob Groot. Poëzie sa't poëzie wêze moat: dryst en net oan te ûntkommen. Dizze oersettings bin in earbetoan oande dichter Walt Whitman en in bliuwend oantinken oan it Frysk Festival 1995, dat troch dit gedicht syn motto en tema krige.
1

O pak myn hân Walt Whitman!
Wat in wûndere gliidflechten! wat in eachweiden en lûden!
Wat in rige ûneinige ferbiningen, elk yn de oare heakke,
Elk antwurd op alle oare, elk diel fan 'e ierde mei alle oare.

Wat yn dy wurdt hieltyd rommer Walt Whitman?
Hokker weagen en grûnen skiede har ôf?
Hokker klimaten? hokker persoanen en stêden binne hjir?
Wa binne de bern, guon oan  't boartsjen, guon oan  't slomjen?
Wa binne de fammen? wa binne de troude froulju?
Wa binne de espeltsjes âlde manlju dy't stadich stappe mei de earmen by inoar oer 't
skouder?
Hokker rivieren binne dit? hokker wâlden en fruchten binne dit?
Hoe hjitte de bergen dy't sa heech yn 'e dizen op rize?
Hokker myriaden oan wenten sitte fol mei bewenners?

2
Yn my wurdt de bridtegraad breder, de lingtegraad langer.
Azië, Afrika, Europa, lizze it easten út - Amearika is yn it westen foar soarge,
Boskjed de winen fan 'e ierde har pûsters oan de hite evenaar, 
Wylst nuveraardigernôch noard en súd de úteinen fan 'e assen draaie,
Yn my is de langste dei, de sinne tuollet yn delrin'de ringen, sûnder moannenlang ûnder te gean,
Op 'e tiid yn mysels lang-út komt de midnachtsinne krekt boppe de kym en sinkt wer wei,
Yn my luchtstreken, seeën, wetterfallen, wâlden, fulkanen, eilannegroepen,
Maleizië, Polynezië, en it prachtige West-Ynje.
3
Wat hearst Walt Whitman?

Ik hear de arbeider oan 't sjongen en de boerinne oan 't sjongen,
Ik hear yn 'e fierte de lûden fan bern en bisten betiid op 'e dei,
Ik hear oergeunstige gjalpen fan Australiërs dy't efter it wylde hynder oansitte,
Ik hear de Spaanske dûns mei kastanjetten yn 't skaad fan 'e kastanje, by de rebab en de gitaar,
Ik hear oanhâldende echo's út de Thames wei,
Ik hear fûle Frânske frÿheidslieten,
Ik hear fan de Italjaanske roeier it muzikaal resitatyf fan âlde gedichten,
Ik hear de sprinkhoannen yn Syrië wannear't se de granen en it gers delslane mei de buien fan
har ûntheisterjende wolken,
Ik hear it Koptysk refrein dat tsjin it ûndergean fan 'e sinne mankelyk delsiicht op it boarst fan
de swarte earbiedweardige romme memme Nyl,
Ik hear it liljen fan de Mexikaanske mûldierdriuwer, en de bellen fan it mûldier,
Ik hear de Arabyske moëddzin boppen fan 'e moskee ôf roppen,
Ik hear de Kristlike prysters op 'e alters fan har tsjerken, ik hear de bas en de sopraan dy't
antwurdzje,
Ik hear de útgjalp fan 'e Kosak, en de stim fan 'e seeman dy't it gat útsylt yn Okotsk,
Ik hear it gesmûch fan 'e slavekloft by wannear't de slaven geandefoet op 'en paad binne, by
wannear't de taaie rigen mei syn twaën, trÿen foarbykomme, oaninoar fêstkeppele mei pols- en
ankelkeatlings, 
Ik hear de Hebreeër dy't syn ferhalen en psalmen lêst,
Ik hear de ritmyske mythen fan 'e Griken, en de sprekkende leginden fan 'e Romeinen,
Ik hear it ferhaal fan it godlike libben en bluoderige dea fan de prachtige God de Kristus,
Ik hear de Hindoe dy't syn learling dêr't er wiis mei is de leafdes, de oarloggen, siswizen,
leart. oant op 'e dei fan hjoed feilich trochjûn troch dichters dy't trÿetûzen jier lyn skreauwen.

4
Wat sjochst Walt Whitman?
Wa binne hja dy'tsto de groetnis dochst, en dy't de ien nei de oare dy de groetnis dogge?

Ik sjoch in grut rûn wûnder troch de romte rôljen,
Ik sjoch ferlytse pleatsen, buorskippen, púnfallen, tsjerkhôven, finzenissen, fabriken, paleizen,
klinten, hutten fan barbaren, tinten fan nomaden op 'e bûtenkant,
Ik sjoch it part yn 't skaad oan de iene kant dêr't de sliepers sliepe, en it sinnige part oan de
oare kant,
Ik sjoch it aparte rappe wikseljen fan ljocht en skaad,
Ik sjoch fiere lannen, allike wier en tichteby foar de bewenners dêrfan as myn lân foar my is.

Ik sjoch wetters by de rûs,
Ik sjoch berchtoppen, ik sjoch de sierras fan 'e Andes oant safier as se lizze,
Ik sjoch klear it Himalaya-, it Changai-, it Altay- en it Ghautsgeberchte,
Ik sjoch de gigantyske toppen fan Elbroes, Kafbek, Bazardjoesa,
Ik sjoch de Alpen fan Stiermarken, en de Karmyske Alpen,
Ik sjoch de Pyreneeën, de Balkan, Karpaten, en noardlik út de fjilden fan Dofra, en út 'e kust yn
see de berch Hecla,
Ik sjoch de Vesuvius en de Etna, de bergen fan 'e Moanne, en de Reade Bergen fan
Madagaskar,
Ik sjoch de Lybyske, Arabyske en Aziatyske woastinen,
Ik sjoch de rizige ûntsachlike Arktyske en Antarktyske iisbergen,
Ik sjoch de greate oseänen en de lytseren, de Atlantyske en de Stille Oseaan, de see fan
Mexico, de Braziliaanske see, en de see fan Peru,
De wetters fan Hindoestan, de Sineeske see, de golf fan Guinee,
De Japanske wetters, de prachtige baai fan Nagasaki yn it lân op troch de bergen besletten,
De wiidskens fan de Baltyske, Kaspyske, Botnyske, de Britske kusten, en de baai fan Biscaye,
It sinneskynwaar fan 'e Middelânske See, en fan it iene nei it oare eilân dêrre,
De Wite see, en de see om Grienlân hinne.

Ik oanskôgje de seelju fan 'e wrâld,
Guon sitte yn stoarmen, guon yn 'e nacht yn 'e hûnewacht op 'e útkyk,
Guon binne helpleas op 'e drift, guon sitte mei besmetlike sykten.

Ik oanskôgje de syl- en stoomskippen fan 'e wrâld, guon yn floaten yn havens, 
guon op har seereizen,
Guon sile om de Stoarmkaap, guon om Kaap Verde, oare om de kapen Guradafui, Bon, of
Bajadore,
Oare om de Dondra hoeke, oare geane de strjitte fan Soenda oer, oare oan Kaap Lopatka
foarby, oare de Beringstrjitte oer,
Oare Kaap Hoarn foarby, oare farre de Golf fan Mexico, of by Cuba of Haïti del, oare de
Hudson baai of de baai fan Baffin del,
Oare geane de strjitte fan Dover troch, oare rinne de Wash yn, oare de see-earm fan Solway,
oare rûnje Kaap Clear, oare Land's End,
Oare stekke de Sudersee oer of de Skelde,
Oare dogge Gibraltar of de Dardanellen oan en stekke wer ôf,
Oare wrotte har stjoertsk in paad troch it noardlik pakiis,
Oare geane de Obi of de Lena op of del,
Oare de Niger of de Kongo, oare de Yndus, Boerampoetra en Kambodja,
Oare lizze op stoom te wachtsjen klear om derút yn 'e havens fan Australië,
Wachtsje yn Liverpool, Glasgow, Dublin, Marseille, Lissabon, Napels, Hamburch, Bremen,
Bordeaux, De Haach, Kopenhagen,
Wachtsje yn Valparaiso, Rio de Janeiro, Panama.

5
Ik sjoch de banen fan 'e spoarwegen fan 'e ierde,
Ik sjoch se yn Grut Brittanje, ik sjoch se yn Europa, 
Ik sjoch se yn Azië en yn Afrika.

Ik sjoch de elektryske telegrafen fan 'e ierde,
Ik sjoch de gloeistreamen fan it nÿs fan 'e oarloggen, deaden, ferliezen, winsten, passys, fan
myn ras.

Ik sjoch de lange stripen fan rivieren fan 'e ierde,
Ik sjoch de Amazone en de Paraguay,
Ik sjoch de fjouwer grutte rivieren fan Sina, de Amoer, de Giele Rivier, de Jang-tse, en de
Pearel,
Ik sjoch wêt't de Seine streamt, en wêr't de Donau, de Loire, de Rhône en de Guadalquiver
streame,
Ik sjoch de kronkelbochten fan 'e Wolga, de Dnjepr, de Oder,
Ik sjoch de Toscaner de Arno delgean, en de Feneesjer de Po bylâns,
Ik sjoch de Grykske seeman de baai fan Egina útsilen.

6
Ik sjoch de lizzing fan it âlde keizerryk fan Assyrië, en dy fan Perzië, en dy fan Yndia,
Ik sjoch it delfallen fan 'e Gangus oer de hege râne fan Saukara.

Ik sjoch it plak fan it idee fan de Godheid dy't troch oanbiddingen ta minsklike ferskiningen
ynkarneare is,
Ik sjoch de plakken fan de opfolgingen fan prysters op 'e ierde, orakels, offerders, brahmanen,
sabianen, lama's, mûntsen, moefti's, oansprekkers,
Ik sjoch wêr't druïden troch de hillige bosken fan Mona rûnen, ik sjoch de mistel en ferbena,
Ik sjoch de tempels fan 'e dea fan 'e lichems fan God, ik sjoch de âlde oankundigers.

Ik sjoch Kristus dy't de bôle fan syn lêste jûnmiel yt middenmank jongfolk en âlde persoanen,
Ik sjoch wâr't de sterke godlike jongfeint de Herkules trou en salang oanbealige oant er stoar,
Ik sjoch it plak fan it ûnskuldige rike libben en net tafallige lot fan de prachtige soan fan 'e
nacht, de fraai foarme Bacchus,
Ik sjoch Kneph, yn 'e pronk, yn it blau, mei de feaaren kroan op 'e holle,
Ik sjoch Hermes, ûnfertocht, stjerrend, tige leave, sizzend tsjin it folk Gûl net om my,
Dit is myn eigen lân net, ik bin út myn eigen lân ferband, ik kom der no wer nei werom,
Ik kom werom nei de himelske sfear dêr't elkenien hinne sil op syn ttid.

7
Ik sjoch de slachfjilden fan 'e ierde, gers dat der op waakst en bloeisels en nôt,
Ik sjoch de spoaren fan ieuwenâlde en nÿmoadrige ekspedysjes.

Ik sjoch de namleaze mitselwurken, earbiedwurdige boadskippen fan ûnbekinde foarfallen,
helden, ferhalen fan 'e ierde.

Ik sjoch de plakken fan 'e saga's,
Ik sjoch pynbeammen en spjirren teskuord troch noardlike pûsters,
Ik sjoch graniten balstiennen en kliffen, ik sjoch griene greiden en marren,
Ik sjoch de grêfstienbulten fan Skandinavyske krigers,
Ik sjoch se heech opheappe mei stiennen oan 'e râne fan rêstleaze oseänen, dat de geasten fan 'e
deaden ien kear har stille grêven sêd oereinkomme meie út har grêfhichten wei en stoarje de
dobberjende baren oer, om sa wjirre te wurden troch stoarmen, ûnbidigens, frÿheid, fertier.

Ik sjoch de steppen fan Azië,
Ik sjoch de tumuli fan Mongoalië, ik sjoch de tinten fan Kalmukken en Baskiren,
Ik sjoch de nomadyske stammen mei keppels oksen en kÿ,
Ik sjoch de tafellannen ôfkante troch ravinen, ik sjoch de jungles en woastinen,
Ik sjoch de kamiel, it wylde striidhynder, de trapgoes, it skytlokkige skiep, de antilope, en de
wolf dy't in hoal dolt.

Ik sjoch de heechlannen fan Abyssinië,
Ik sjoch keppels geiten oan 't fretten, en sjoch de figebeam, tamarinde, dadel,
En sjoch fjilden fan weet en plakken fan grienens en goud.

Ik sjoch de Braziliaanske vaquero,
Ik sjoch de Boliviaan dy't by de berch Sorata opgiet,
Ik sjoch de Wacho dy't de flakten oerstekt, ik sjoch de bûtenwenstige berider fan hynders mei
syn lasso op 'e earm,
Ik sjoch de pampa's oer de jacht op wyld fee om 'e wille fan de hûden.

8,(9) 
Ik sjoch de streken fan snie en iis,
Ik sjoch de Samojeed mei syn skerp each en de Fin,
Ik sjoch de robbejager yn syn boat al balânsearjend mei de spear,
Ik sjoch de Sybeariër op syn licht boude slide troch hûnen lutsen,
Ik sjoch de brúnfiskjagers, ik sjoch de walfiskbemanningen fan de súdlike Stille Oseaan en de
noardlike Atlantyske Oseaan,
Ik sjoch de steile rotsen, gletsjers, berchstreamen, dellingen, fan Switserlân - ik fernim de
lange winters en it fêstsitten.

Ik sjoch de stêden fan 'e ierde en meitsje my op roai en goai in diel fan har,
Ik bin in wiere Paryzener,
Ik bin in ynwenner fan Wenen, Sint Petersburch, Berlyn, Konstantinopel,
Ik kom fan Adelaide, Sidney, Melbourne,
Ik kom fan Londen, Manchester, Bristol, Edinburch, Limerick,
Ik kom fan Madrid, Cadiz, Barcelona, Oporto, Lyon, Brussel, Bern, Frankfurt, Stuttgart, Turyn,
Florence,
Ik hear thús yn Moskou, Krakau, Warschau, of noardlik út yn Kristiana of yn Stockholm, of yn
Sibearysk Yrkoetsk, of yn de iene of oare strjitte op Yslân,
Ik jou my yn al dy stêden del en kom der wer út oerein.

10
Ik sjoch dampen útwazeme troch lannen dy't noch foar wyld lizze,
Ik sjoch wyldemannen, de pylk en bôge, de fergiftige punt, de fetisj, en de obi.

Ik sjoch Afrikaanske en Aziatyske stêden,
Ik sjoch Algiers, Tripoli, Derne, Mogadore, Timboektoe, Monrovia,
Ik sjoch de kloften fan Peking, Kanton, Benares, Delhi, Kalkutta, Tokio,
Ik sjoch de Kroeman yn syn hutte, en de Dahoman en de Ashantiman yn har hutten,
Ik sjoch de Turk dy't opium smookt yn Aleppo,
Ik sjoch de pyttoreske mannichten op 'e merken fan Khiva en dy fan Herat,
Ik sjoch Teheran, ik sjoch Muskat en Medina en de sânflakten dertusken, ik sjoch de karafanen
foarút bealgjen,
Ik sjoch Egypte en de Egyptners, ik sjoch de piramiden en obelisken,
Ik beskôgje siselearre skiednissen, ferslaggen fan feroverjende keningen, dynastyen, yn stikken
sânstien kurven, of yn granytblokken,
Ik sjoch nei Memphis syn mummygrêven mei balseme mummys deryn, swachtele yn linnen, dy't
der al ieuwenlang lizze,
Ik beskôgje de fallen Thebaan, de grutte opsetten eagen, de fansiden sleine hals, de hannen gear
oer 't boarst.

Ik sjoch alle tsjinstfeinten en -fammen fan 'e ierde, drok yn 't spier,
Ik sjoch alle finzenen yn 'e finzenissen, 
Ik sjoch de mishipte minsklike lichems fan 'e ierde,
De blinen, de dôven en stommen, idioaten, miswoeksenen, gekken,
De piraten, dieven, ferrieders, moardners, slavetyskers fan 'e ierde,
De helpleaze bern, en de helplesze âlde manlju en froulju.

Ik sjoch man en frou rûnom,
Ik sjoch de serene bruorskip fan filosofen,
Ik sjoch de opbouwendheid fan myn ras,
Ik sjoch de útkomsten fan it hoekhâlden en de warberens fan myn ras,
Ik sjoch rangen en stannen, kleuren, barbaarskens, beskavingen, ik jou my ûnder har, ik ming
my sûnder ûnderskied,
En ik groetsje alle bewenners fan 'e ierde.

11
Do wa'tsto ek bist!
Do dochter of soan fan Ingelân!
Do fan de machtige Slavyske stammen en riken! do Rus yn Ruslân!
Do út skimigens ferskynde, swarte, godlik besiele Afrikaan, grut, fynbonkige holle, edel fan
stal, ta it heechste foarbeskikt, lyk en itselde as my!
Do Noar! Sweed! Deen! Yslanner! do Prús!
Do Spanjert fan Spanje! do Portugees!
Do Frânsêze en Frânsman fan Frankryk!
Do Belch! do frÿheidsleavjende Nederlanner! (do stamme wêr't ik sels oan útsprute bin;)
Do stoere Eastenriker! do Lombard! Hun! Bohemer! boer fan Stiermarken!
Do buorman fan 'e Donau!
Do wurkman fan 'e Ryn, de Elbe of de Weser! ek do wurkfrou!
Do Sardiniër! do Beier! Swaab! Saks! Walachÿer! Bulgaar!
Do Romein! Napolitaan! do Gryk!
Do linige matador yn 'e arena fan Sevilla!
Do berchbewenner dy't der frÿfochten hinne libbet op 'e Taurus en de Kaukasus!
Do Bokhske hynstehoeder dy't der op tasjocht hoe't dyn merjes en hynsten har tegoed dogge!
Do prchtich boude Pers dy't op 'en hurdsten yn it seal dyn pylken op it wyt sjit!
Do Sinees en Sinese fan Sina! do Tartaar fan Tartarÿe!
Jimme froulju fan 'e ierde ûnderhearrich oan jim opjeften!
Do Joad op dyn âlde dei alle gefaren fergjend ûnderweis om ea op Syryske grûn te stean!
Jimme oare Joaden dy't yn alle lannen op jimme Messias wachtsje!
Do betochtsume Armeniër prakkesearjend by de ien of oare stream fan 'e Eufraat! do
kuerend middenmank de ruines fan Ninivee! do dy't by de berch Ararat opgiet!
Do pylger mei de ferrêde fuotten dy't it fiere sparkjen fan de minaretten fan Mekka wolkom is!
Jimme sjeiks it fjild fan Suez oant Bab-el-mandeb del dy't jimme slacnten en stammen regearje! 
Do oliveboer soargjend foar dyn fruchten op fjilden fan Nazareth, Damaskus, of de Mar fan
Tiberias!
Do Tibetaanske keapman yn it wide binnenlân of tingjend yn 'e winkels fan Lassa!
Do Japanske man of frou! do dy't op Madagaskar wennet, Ceylon, Sumatra, Borneo!
Jimme allegear fan it fêste lân fan Azië, Afrika, Europa, Australië, op hokker plak dan ek!
Jimme allegear op de ûntelbere eilannen fan 'e archipels fan 'e see!
En jimme fan takommende ieuwen hoenear't jimme nei my harkje!
En jimme in elk en oeral wa't ik net omskriuw, mar krekt-en-allyk meirekkenje!
Dat it jim goed giet! dat it jim nocht is allegear, fan my en Amearika tastjoerd!

In elk fan ús sûnder mis,
In elk fan ús sûnder ophâlden - in elk fan ús mei syn of har rjocht op 'e ierde,
In elk fan ús de ivige bedoelingen fan 'e ierde tabetroud,
In elk fan ús hjirre like godlik as der mar ien is hjirre.


12
Do Hottentot mei tsjitskjende palataal! jimme kroeshierrige klibers!
Jimme liifeigenen drippend fan it swit of fan it bloed!
Jimme minsklike foarmen mei it net te befiemjen altyd ymposante antlit fan in hont!
- Do earme koboo(?) op wa't de minsten fan 'e rest delsjogge nettsjinsteande al dyn sparkjend
sprekken en spiritualiteit!
Do behindige Kamtsjatkan, Grienlanner, Lap!
Do Australyske neger, neaken, read, ruotich, mei foarútstekkende lippe, krûpend, om iten út!
Do Kaffer, Berber, Soedanees!
Do rûchhierrige, singeliere, ûnbelêzen Bedoeyn!
Jimme pestswarmen yn Madras, Nankin, Kaboel, Kaïro!
Do yn it tsjuster wanneljende swalker fan 't Amazonegebiet! do Patagoaniër! do Feejeeminske!
Ik haw oars de oaren amper leaver as dy,
Ik sis net in wurd dat tsjin dy is, in eintsje tebek dêre wêr'tsto stietst,
(Do silst nei de tiid nei foaren komme oant njonken my.)

13
Mei begrutsjen en berettens hat myn geast de hiele ierde om west,
Ik haw om inoar lykjenden en leavjenden socht en fûn se foar my ree yn alle lannen,
Ik tink dat ien of oar godlik ferbân my oan har lykmakke hat.

Jimme dampen, ik tink dat ik mei jim de hichte yngien bin, weidreaun nei fiere kontininten, en
dêr net om 'e nocht delkommen,
Ik tink dat ik mei jim meiwaaid bin jimme winen;

Jimme wetters ik haw mei jim alle kusten mei de finger bylâns west,
Ik bin dêr trochhinne streamd wêr't alle rivieren of strjitten fan 'e globe trochhinne streamd
binne,
Ik haw myn plak ynnommen op 'e draachflakken fan skiereilannen en op de hege ynsletten
rotsen, om dêrwei te roppen:

Salut au monde!

Hokker stêden ek wêr't it ljocht of de waarmte ynkringt dy stêden kring iksels yn,
Alle eilannen wêr't fûgels de wjokken nei útslane dêr't slaan iksels de wjokken nei út,
Nei jimme allegearre, yn 'e namme fan Amearika,
Doch ik de rjochte hân omheech, meitsje ik it teken,
Om nei my foar altyd yn it sicht te bliuwen,
Foar alle mienskipsromten en wensteeën fan 'e minske.

"Salut au Monde' waard foar it earstpublisearre yn de twadde útjefte fan 'Leaves of Grass', Brooklyn, New York 1856. In justjes feroare ferzje ferskynde yn de útjefte fan 1881. Foar de oersetting is de saneamde'deathbed'-edysje fan 1881-1892 brúkt. Copyright © Stichting Frysk Festival 1995