Salut au Monde!

Frysk Festival '95

Nederlânske verzje
"Links" verwize nei it Nederlânsk!

It Frysk Festival (2-23 september) is ien fiifjierliks evenement.
It gedicht Salut au Monde! fan de 19e eeuwse Amerikaanse skriuwer Walt Whitman is de reade tried fan it fjirde festival.
Walt Whitman............ Salut au Monde

Wa foarmje it bestjoer en de keunstiche commisje Frysk Festival 1995?
It njochende en leste underdiel fan it Frysk Festival:
2000 Friese schoolkinderen groeten andere kinderen in de rest van de wereld

It program:

2 septimber
Iepeningsfeest yn Stedsskouboarch De Harmonie te Ljouwert. Ofwikseljend program mei in presintaasje fan tal fan festivalûnderdielen en in literêre manifestaasje. Besûnder sil it optreden fan dichter Tsjêbbe Hettinga wêze, mei in foardracht fan syn Fryske oersetting van it gedicht `Salut au Monde' fan Walt Whitman.
Kaarten kostje f 15,= en binne te krijen by it Frysk Festival, 058-120532
Joan Nelson, USA.........Tjerk Bottema

vanaf 2 septimber
Utstalling Salut au Monde. Utstalling yn it Frysk Museum oer it Fryske lânskip. Sintraal stiet de wize wêrop it Fryske lânskip troch de keunstners sjoen wurdt. De útstalling bestiet út twa lykweardige parten: ien part lit sjen hoe't Fryske keunstners as Gerrit Brenner en Johannes Elzinga, fanôf 1900 it lânskip fêstlein hawwe.
It twadde part fan de útstalling sil bestean út skilderijen dy't troch ynternasjonaal bekende bûtenlânske keunstners yn Fryslân makke wurde. Dizze útstalling is ta stân kommen yn it ramt fan de Nieuwe Hanze Interregio en sil letter ek te sjen wêze yn Bremen en Osnabrück.
Tagong f 4,=, Frysk Museum, Ljouwert, 058-123001

2-23 septimber
Dalstar. Dichter, sjonger, skriuwer en performance-keunstner Koos Dalstra (Dalstar) bringt in groet oan de wrâld fan ferskillende lokaasjes yn Fryslân, fanút ferrassende teatrale en ensênearde situaasjes.
2-23 septimber
Media Mundi.Sân Fryske en (ynter)nasjonaal bekende keunstners bringe op eigen wize in groet oan de wrâld, elk binnen in geografische rûnte (fan doarp oant universum) fia in bypassend medium (fan doarpsomropper oant radiotelescoop en internet).
Suver Nuver
7-17 septimber
Circus Whitman. Suver Nuver en oare artysten (û.a. akteur/clown Leo Bassi, akrobategroep Team Rosa, trapeze-groep Ayak) fersoargje in 'cirkusfoarstelling' mei teatraal karakter, ynklusyf plot, yntriges en in 'happy ending'. De locaasje is njonken de Froskepôlle, op it yndustryterrein De Hemrik, Ljouwert.
Kaarten kostje f 32,50/CJP f 27,50 en binne te krijen by it Frysk Festival, 058-120532
Abe Lenstra
11-17 septimber
Teater en fuotbalspektakel ABE! , yn it Abe Lenstra Stadion op it Hearrenfean. In unike kombinaasje fan fuotbal, teater, sang en muzyk, mei as útgongspunt de histoaryske wedstriid Heerenveen-Ajax(6-5) fan 1950. Yn 2 x 45 minuten wurdt it libben fan Abe Lenstra sjen litten. Oan dit spektakel wurkje û.o. mei: alle akteurs fan Tryater, fuotballers fan S.C. Heerenveen, in spesjaal gearstald koar, muzikanten, gastakteurs en showdrumband Advendo út Snits.
Tekst: Bouke Oldenhof, regie: Jos Thie.
Kaarten kostje f 40,=CJP/ f 30,= (try-outs 11 en 12 septimber: f 25,=)
Kaartferkeap: Abe-lijn, 020-4200200, VVV-besprekburo's en Friesland Bank filialen.

Bambuso Sonoro
20 septimber
Au Monde Sonore. In bysûnder en tige farieard konsert yn De Lawei te Drachten. M.m. fan it Noord Nederlands Orkest, Klaas Hoek mei bambuso Sonoro, Greetje Bijma, Jacob Slagter en in spesjaal gearstald harmony-orkest. Op it programma steane meardere primeurs, Wêrûnder `Code Z' fan Enrique Raxach en in nije komposysje fan Otto Ketting.
Kaarten kostje f 27,50=/CJP f 22,50 en binne te krijen by it Frysk Festival, 058-120532 en by De Lawei, 05120-13344
Sapho
22 en 23 septimber
Wrâldtreffen.. Yn Stedsskoubuoarch De Harmonie fynt in spektakulêre ynternasjonale muzikale ôfsluting fan it Frysk Festival plak. Op 22 septimber stiet de jûn yn it teken fan slachwurk, op 23 septimber is der op trije podia wrâldmuzyk, film, fideo, en literatuer. Mei muzyk út alle wrâlddielen , û.o.Sapho, Sexteto Canyengue mei dûnser Juan Carlos Coppes en Ali Hassan Kuban (Egyptyske pop).
Kaarten kostje f 22,50 (22 sept.) f 27,50 (23 sept.) of f 40,= (passe-partout) en binne te krijen by it Frysk Festival, 058-120532
Ein augustus ferskynt de Frysk Festival krante, dy't op ferskate plakken te krijen is.