Swiet&Bjuster: teksten fan Wolf
Jawis!
Meie jo graach bargespek
en smoke jo graach healswiere sjek?
Jawis! Jawis!
In goeie Fries sit rūm yn 't fet
en sparret hert en longen net.
Jawis!
Meie jo jūns graach in jonkje ha
en kinn' jo dan mei ien net ta?
Jawis! Jawis!
In goeie Fries syn golesterol
is tin troch al de alkohol.
Jawis!
Wat iel en greauwen troch elkoar
of kin de mage dat net ha?
Jawis! Jawis!
Want Friezen mei har geve lea
dy stjerre net: men slacht se dea!
Oars komt der op 'en doer gebrek
oan drum en drank en bargespek.
Jawis!