Swiet&Bjuster: teksten fan Wolf
Fryske froulju
De Romeinen hienen Europa beset,
mar wêrom't se dat dienen hast noch noait ien oer heard.
Se hienen mar ien doel: nei 't noarden ta.
Jierren letter itselde ferhaal:
doe kamen de Dútsers ek al wiene wy neutraal,
en ek al dy soldaten woenen sa'n Frysk frommes ha.
De arbeidersfammen lizze op 't lân,
yn 'e fierte komt de koets fan de hartoch al oan.
Se sjogge elkoar oan, en se witte it sa.
Dy Fryske adel hat hiel wat smaak
en ien kear yn 'e wike is 't fêst raak:
dan moat de âld man wer sa'n Frysk frommes ha.
Refrein:
Froulju, froulju út it Heitelân:
meistû sa'nent net lije, no dan hast gjin ferstân,
nee, dan hast gjin ferstân.
Froulju, froulju út it Heitelân:
kinsto sa'nent net krije, dan is dyn libben bedoarn,
dan is dyn libben bedoarn.
Mei yndustry en wurkgelegenheid
rint Fryslân efter, dat is in feit.
Mar baan as karriêre, dat lit de Friezen kâld.
Dochs binne se tefreden en kleie se hast noait:
se ha elke jûn sa'n Friezin yn 'e koai
en dat binne ommers de moaiste froulju fan de wrâld.
Ha jo wat lêst fan depressiviteit,
fine jo it libben bytiden in striid?
In middei nei Lauwerseach en jo sjogge noait wer soer!
Of ha jo it te krijen mei homofily?
Kom dan ris nei Fryslân, dan draait dat wol by:
ien kear mei sa'n Friezin ... doe wie 't by Oege sels oer!!!