Swiet&Bjuster: teksten van Wolf
Us Heit
't Wie maaie, ik rûn mei ús heit
troch 't sompige greidelân.
By in hikke stoarren wy oer 't fjild
en doe krige er myn hân.
Hy sei: "Jonge fan my, de wrâld is fan dy,
hâld de kop der altyd foar
en soargje dat se mei dy net dogge
wat se mei my dien ha."
Sa no en dan stiet de wrâld
my hielendal net oan.
Ik stap dan achter oer de tried,
ik tink oan heit en wat hy sei
en tink: "Hâld de kop der foar!
Ik soargje dat se mei my net dogge
wat se mei him dien ha."