Digitale Regio Fryslân ynformaasje



De Digitale Regio Fryslân wurdt útbrocht troch Freescape. Yn neifolging fan fergelykbarre projekten yn Utrecht (Digitale Regio Utrecht) en Amsterdam (Digitale Stad Amsterdam) is hjir de alpha ferzje fan de Digitale Regio Fryslân. In great gedielte fan de "links" wurkje noch net, mar jouwe oan hoe wy de Digitale Regio ynfulle wolle.
It begjin is makke. De hiele wrâld kin nou alfêst yn Fryslân rûnsjen!

Yn earste ynstânsje hawwe wy keazen foar in Nederlânsktalige ferzje, mar wy slúte it Frysk en Ingelsk ek net út. It giet hjir om it oanbieden fan sawol sakelike as ek ideëele ynformaasje. Bedriuwen, ynstellings en partikulyren wurde yn de gelegenhied steld om harren fia de Digitale Regio Fryslân te presentearje nei de rest fan de wrâld.


Doel fan Freescape is om de ynformaasje-útwisseling tusken bedriuwen, overheid en partikulyren te vergemakkelikje en te verbetterje.
Dit betsjuttet yn de praktyk dat 24 oerenr per dei ynformaasje opfreeche en onbean wurde kin. It biedt regionale bedriuwen ek de mogelikhyd om ynternasjonaal te adfertearje, te etalearje en te kommunisearje.

Bedriuwen, ynstellings en partikulyren kinne by ús braak lizzende hurde skiif romte hiere. Hjirby wurdt foar de prizen ûnderskied makke tusken ideëele en kommersjele ynformaasje. Koart sein: ynstellings of partikulyren mei in ideëele doelstelling sille troch ús ek ideëel behandele wurde. Ek sil der "wenromte" oanbean wurde oan de bewenners fan de regio, de digitale burgers. Úteindelik is dit de server foar en troch Fryslân.
Bedriuwen kinne ek non-profit gebieden sponsorje.
Foar ynformaasje, fragen of opmerkings kinne jo in E-mail stjoere nei Freescape

We know that there are a lot of ex-Frisians living in the USA, Canada and Australia today. Welcome back to Friesland! You just can say hello to us, or send a request by E-mail . A lot of things have changed here the last few years and we are trying to set up a foto collection of Friesland. So you can see what happened here. You can also read or sign our guestbook

De Digitale Regio hie nooit bestien sûnder de meiwurking fan Jaco, Bram, Maurice Le Rutte, Knoware, Joop, Dick, it Bedriuwen Sintrum Ljouwert, Lars, Hans Visser, Innovaasje Sintrum Fryslân, Hugo, Yoop Visser, Gerrit, Paul N., Sjoerd B., Rudolv, en ... Aly!


Werom nei de Haadyndex